Ynstellingsbeslút Konsultatyf Orgaan Frysk 2010

Geraadpleegd op 18-04-2024.
Geldend van 18-02-2010 t/m heden

Ynstellingsbeslút Konsultatyf Orgaan Frysk 2010

De Minister fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes,

Mei it each op kêst 7, fjirde lid, fan it Europeesk Hânfest foar regionale talen of talen fan minderheden (Trb. 1993, 1 en 199; 1998, 20);

Mei it each op it Ramtferdrach oangeande it beskermjen fan nasjonale minderheden (Trb. 1995, 73 en 197; 2005, 77);

Mei it each op kêst 9, tsiende lid, fan de Bestjoersôfspraak Fryske taal en kultuer 2001 (Stcrt. 2001,125);

Beslút:

Kêst 2

  • 1 It KO Frysk hat as taak om oan de Minister fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes te rapportearjen oer it ferlet en de winsken oangeande de Fryske taal en kultuer yn gearhing mei it Europeesk Hânfest foar regionale talen of talen fan minderheden en mei it Ramtferdrach oangeande it beskermjen fan nasjonale minderheden.

  • 2 It KO Frysk hat fierders as taak om oan de Minister fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes advys út te bringen oer de útfiering fan de Bestjoersôfspraak Fryske taal en kultuer 2001 en fan de útfieringskonvenanten; soks yn gearhing mei it Europeesk Hânfest en it Ramtferdrach dêr’t yn it earste lid op doeld wurdt.

Kêst 3

  • 1 It KO Frysk bestiet út fiif leden, dêrûnder in foarsitter en in vice-foarsitter.

  • 2 De foarsitter, vice-foarsitter en oare leden fan it KO Frysk wurde, op foardracht fan dit orgaan, troch de Minister fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes beneamd foar in tiidrek fan op syn heechsten fjouwer jier.

  • 4 It KO Frysk kin waarnimmers talitte.

Kêst 4

  • 1 Foar syn wurksumheden kriget de foarsitter fan it KO Frysk in fergoeding fan € 220,- de gearkomste.

  • 2 Foar harren wurksumheden krije de leden fan it KO Frysk dy’t dêrfoar yn ’e beneaming komme, in fergoeding fan € 170,– de gearkomste.

  • 3 De Minister fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes fergoedet oan de leden fan it KO Frysk de reiskosten op basis fan iepenbier ferfier earste klas of op basis fan eigen ferfier, makke foar it bywenjen fan gearkomsten foar it KO Frysk, sûnder dat dêr bewiisstikken fan oerlein hoege te wurden.

Kêst 5

  • 1 Ta skriuwer fan it KO Frysk wurdt beneamd: de skriuwer fan it Berie foar it Frysk.

  • 2 It KO Frysk wurdt yn syn wurksumheden bystien troch it buro fan it Berie foar it Frysk.

Kêst 6

It KO Frysk fiert de taken dy’t yn kêst 2 neamd wurde, út op grûn fan in twajierliks wurkprogram, dat yn nau oerlis mei it ministearje fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes opsteld wurdt.

Kêst 7

It behear fan de stikken dy’t ferbân hâlde mei de wurksumheden fan it KO Frysk bart yn oerstimming mei de behearregels, op grûn fan de Argyfwet 1995 en it Argyfbeslút 1995. De oanbelangjende stikken wurde nei beëinigjen fan de wurksumheden opburgen yn it argyf fan it ministearje fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes.

Kêst 9

Dit beslút giet yn op de twadde dei nei de datum fan útjefte fan de Staatscourant dêr’t it yn pleatst wurdt.

Dit beslút wurdt mei de taljochting yn de Nederlânske taal en de Fryske taal yn de Staatscourant publisearre.

In ôfskrift fan dit beslút wurdt stjoerd oan de Algemiene Rekkenkeamer en oan it KO Frysk.

De

Minister

fan Ynlanske Saken en Keninkryksrelaasjes,

G. ter Horst

Naar boven