Model h 1. kandidatelist
[Regeling vervallen per 01-04-2011]
WICHTICH! LÊS EARST DE TALJOCHTING.
Mei blokletters ynfolje.
List fan kandidaten foar de ferkiezing fan de leden fan de Twadde Keamer fan de Steaten-Generaal
/ Provinsjale Steaten fan ............... / de rie fan de gemeente ...............
/ de eilânsrie fan it iepenbier lichem ............... / it Europeesk Parlemint op
............... [in kiesrûnte ............... (...............)]1ynlevere troch ............... (namme), wenjend ............... (wenplak), op ...............
(datum):
Oantsjutting fan de politike groepearring: ...............
De neikommende persoan(en) hat (hawwe), as de yntsjinner behindere is, it foech om
fersommen te ferhelpen, as bedoeld yn kêst I 2 fan de Kieswet:
As lêsthawwer, mei it foech om dizze list mei oare listen ta in kombinaasje fan listen
te ferbinen, wurdt oanwiisd:
Taljochting
[Regeling vervallen per 01-04-2011]
1. Hoe’t de kandidaten op de list oanjûn wurde moatte
[Regeling vervallen per 01-04-2011]
De namme meie neiere oantsjuttings (lykas sr. en jr.) oan tafoege wurde, op betingst
dat dy lykas wenst ôfkoarte wurde. Efter de foarletters kin tusken heakjes de ropnamme
fan de kandidaat oanjûn wurde. Efter de foarletters of, as soks oanjûn is, de ropnamme,
mei om it slachte fan de kandidaat oan te jaan, ’(m)’ of ’(f)’ tafoege wurde.
Persoanen dy’t troud binne of west hawwe of persoanen fan wa’t it partnerskip registrearre
is of registrearre west hat, wurde op de list oanjûn, itsij mei de eigen namme, itsij,
foarsafier’t hja dêr op grûn fan kêst 9 fan Boek 1 fan it Boargerlik Wetboek of kêst 9 fan Boek 1 fan it Boargerlik Wetboek BES it foech ta hawwe, mei de namme fan oarehelte of registrearre partner of mei de eigen
namme mei in lizzend streekje folge troch of foarôfgien troch de namme fan de oarehelte
of registrearre partner.
2. It wenplak en it korrespondinsje-adres oanjaan
[Regeling vervallen per 01-04-2011]
It oanjaan fan it wenplak fan de kandidaat is ferplichte.
It oanjaan fan it adres en de postkoade fan de kandidaat is lykwols net ferplichte.
Yn ferbân mei de korrespondinsje wurdt de kandidaat dy’t syn wenadres net op de kandidatelist
hawwe wol, frege om in korrespondinsje-adres oan te jaan (dat gjin postbusnûmer wêze
mei), bygelyks it adres fan it partijkantoar. Ferskillende kandidaten kinne fan itselde
korrespondinsje-adres gebrûk meitsje.
3. It maksimum tal nammen op in list
[Regeling vervallen per 01-04-2011]
De list meie de nammen fan op syn meast fyftich kandidaten op pleatst wurde. De list
fan in politike groepearring wêrfan de oantsjutting pleatst wie boppe in kandidatelist
dêr’t by de lêst holden ferkiezing fan de leden fan it oanbelangjend fertsjintwurdigjend
orgaan mear as fyftjin sitten oan takend binne, mei in tal nammen op pleatst wurde
dat op syn meast tachtich bedraacht.
4. De yntsjinner fan de list
[Regeling vervallen per 01-04-2011]
De yntsjinner moat it foech hawwe om oan de oanbelangjende ferkiezing diel te nimmen.
As de yntsjinner net as kiezer registrearre is yn de gemeente of it iepenbiere lichem
dêr’t it haadstimburo fêstige is, moat er in ferklearring fan de boargemaster en wethâlders
fan de gemeente / it bestjoerskolleezje fan it iepenbier lichem dêr’t er as kiezer
registrearre is, oerlizze ynhâldende dat er it foech hat om oan de ferkiezing diel
te nimmen. It haadstimburo kin de yntsjinner derop fergje dat er fan syn identiteit
bliken docht. Dejinge dy’t in kandidatelist by de gesachhawwer fan Sint Eustaasjes
of Saba yntsjinnet, moat fan syn identiteit bliken dwaan.
5. it pleatsen fan in oantsjutting fan in politike groepearring boppe de list
[Regeling vervallen per 01-04-2011]
De lêsthawwer fan de oanbelangjende politike groepearring kin de yntsjinner it foech
takenne om boppe de list de oantsjutting fan dy groepearring te pleatsen. sa’t dy
troch it sintraal stimburo registrearre is. By de list moat in ferklearring fan de
lêsthawwer oerlein wurde dêr’t dat foech út bliken docht (model H 3-1).
De yntsjinner mei boppe de list ek in oantsjutting pleatse, foarme troch it gearfoegjen
fan de foar de oanbelangjende ferkiezing registrearre oantsjuttings of ôfkoartings
dêrfan, as him it foech datoangeande troch de lêsthawwers fan de ûnderskate groepearrings
takend is. By de list moat in ferklearring fan de lêsthawwers oerlein wurde dêr’t
dat foech út bliken docht (model H 3-2). In sa foarme oantsjutting mei op syn heechst
út 35 letters of oare tekens bestean.
6. ferklearrings fan stipe
[Regeling vervallen per 01-04-2011]
By de ferkiezings fan de leden fan de Twadde Keamer, it Europeesk Parlemint, de Provinsjale
Steaten en gemeenterieden dêr’t it tal te ferpartsjen sitten yn de rie op syn minst
39 bedraacht, moatte foar elke ôfsûnderlike kandidatelist 30 ferklearrings fan kiezers,
dy’t yn de kiesrûnte wenje dêr’t de list foar ynlevere wurdt, oerlein wurde dat hja
de list stypje (model H 4). Yn gemeenten dêr’t it tal te ferpartsjen sitten yn de
rie minder as 39 is, mar op syn minst 19, jildt in ferplichte tal fan 20 stipeferklearrings,
wylst yn gemeenten of iepenbiere lichems mei minder as 19 sitten 10 stipeferklearrings
oerlein wurde moatte. Kiezers dy’t in stipeferklearring ôflizze wolle, moatte dy binnen
in termyn fan sân dagen foarôfgeand oan de kandidaatstelling of op de dei fan kandidaatstelling
ûndertekenje op de sekretary fan de gemeente of it iepenbier lichem dêr’t hja as kiezer
registrearre binne. By de ferkiezing fan de Twadde Keamer op Bonêre, Sint Eustaasjes
en Saba kinne stipeferklearrings ynlevere wurde by de gesachhawwer op Sint Eustaasjes
en Saba of by it haadstimburo op Bonêre. By de ferkiezing fan de leden fan it Europeesk
Parlemint yn de iepenbiere lichems Bonêre, Sint Eustaasjes en Saba wurde de stipeferklearrings
ynlevere binnen in termyn fan sân dagen foarôfgeand oan of op de wurkdei foar de dei
fan de kandidaatstelling.
Der hoege gjin stipeferklearrings by in kandidatelist oerlein te wurden, as:
-
a. de oantsjutting fan de politike groepearring pleatst wie boppe in kandidatelist dêr’t
by de lêst holden ferkiezing fan it oanbelangjend orgaan ien of mear sitten oan takend
binne;
-
b. oantsjuttings fan twa of mear groepearrings gearfoege wurde, op betingst dat by de
lêst holden ferkiezing fan it oanbelangjend orgaan, itsij oan de mienskiplike groepearring,
itsij oan op syn minst ien dêrfan, ien of mear sitten takend binne.
-
c. twa of mear groepearrings as ien nije groepearring ûnder in nije namme tegearre of
mei-inoar oan de ferkiezing fan it oanbelangjend orgaan dielnimme, op betingst dat
by de lêst holden ferkiezing fan it oanbelangjend orgaan, oan elk fan de ôfsûnderlike
groepearrings ien of mear sitten takend binne.
7. ferklearring fan ynstimming
[Regeling vervallen per 01-04-2011]
By de list moat fan elke kandidaat dy’t dêrop stiet in skriftlike ferklearring oerlein
wurde dat er ynstimt mei syn kandidaatstelling op dy list (model H 9). As de kandidaat
bûten Nederlân tahâldt, is de ferklearring net oan it foarskreaune formulier bûn en
kin ek oer de faks ferstjoerd wurde.
8. identiteitsbewiis
[Regeling vervallen per 01-04-2011]
By de list moat fan elke kandidaat dy’t dêrop stiet en dy’t gjin sit hat yn it fertsjintwurdigjend
orgaan dêr’t de ferkiezing foar holden wurdt, in kopy fan in identiteitsbewiis oerlein
wurde. As identiteitsbewiis wurde akseptearre de dokuminten dy’t yn kêst 1 fan de Wet op de identifikaasjeplicht neamd wurde, te witten:
-
– in jildich Nederlânsk paspoart, of in paspoart fan ien fan de lannen fan de Europeeske
Uny, respektivelik Europeeske Ekonomyske romte;
-
– in jildige Nederlânske identiteitskaart of in identiteitskaart fan ien fan de lannen
fan de Europeeske Uny, respektivelik Europeeske Ekonomyske romte;
-
– in jildich Nederlânsk rydbewiis of in rydbewiis fan ien fan de lannen fan de Europeeske
Uny, respektivelik Europeeske Ekonomyske romte;
-
– in dokumint dat in frjemdling neffens de Frjemdlingewet 2000 ta syn foldwaan hawwe moat om dêr syn identiteit, nasjonaliteit of ferbliuwsrjochtlike
posysje mei fêststelle te kinnen.
Op Bonêre, Sint Eustaasjes en Saba wurde as identiteitsbewiis akseptearre de dokuminten
as bedoeld yn kêst 2 fan de Wet identifikaasjeplicht BES, te witten:
-
– in jildich Nederlânsk nasjonaal paspoart, of in paspoart fan ien fan de lannen fan
de Europeeske Uny, respektivelik Europeeske Ekonomyske romte;
-
– in jildige identiteitskaart fan Bonêre, Sint Eustaasjes en Saba;
-
– in jildich rydbewiis as bedoeld yn de wegeferkearswetjouwing fan Bonêre, Sint Eustaasjes
en Saba;
-
– in dokumint dat in frjemdling neffens de Wet talitting en útsetting BES ta syn foldwaan hawwe moat om dêr syn identiteit, nasjonaliteit of ferbliuwsrjochtlike
posysje mei fêststelle te kinnen.
9. boarchsom
[Regeling vervallen per 01-04-2011]
Elke kandidatelist (groep fan listen, stel identike listen) moat yn begjinsel in beskate
boarchsom foar betelle wurde. By de ferkiezings foar de Twadde Keamer en it Europeesk
Parlemint bedraacht dy boarchsom € 11.250,-, by de ferkiezings foar Provinsjale Steaten
€ 1.125,-, by de ferkiezings foar de gemeenterie € 225,- en by de ferkiezings foar
de eilânsrie yn ien fan de iepenbiere lichems USD 225. Wa’t de boarchsom betelle hat,
krijt (foar elke kiesrûnte) in bewiis dêrfan. Dat bewiis moat by it yntsjinjen fan
de list oerlein wurde.
De ferplichting ta it beteljen fan in boarchsom en it oerlizzen fan in bewiis fan
betelling dêrfan jildt net foar in kandidatelist fan in politike groepearring, as
de oantsjutting dêrfan boppe in kandidatelist pleatst wie dêr’t by de lêst holden
ferkiezing fan de leden fan it oanbelangjend fertsjintwurdigjend orgaan ien of mear
sitten oan takend binne. Dat jildt ek foar it gearfoegjen fan oantsjuttings fan twa
of mear groepearrings, as by de lêst holden ferkiezing fan de leden fan it oanbelangjend
fertsjintwurdigjend orgaan, itsij oan de mienskiplike groepearrings, itsij oan op
syn minst ien dêrfan, ien of mear sitten takend binne.
10. ferklearring fan foarnommen fêstiging
[Regeling vervallen per 01-04-2011]
By gemeenteriedsferkiezings, ferkiezings foar Provinsjale Steaten en eilânsriedsferkiezings
moat de kandidaat dy’t gjin ynwenner is fan de oanbelangjende gemeente of provinsje
of it oanbelangjend iepenbier lichem in troch de kandidaat ûndertekene ferklearring
oerlizze dêr’t út bliken docht dat er fan doel is om him by beneaming nei wenjen te
setten yn respektivelik de gemeente, de provinsje of it iepenbier lichem.
11. kombinaasje fan listen
[Regeling vervallen per 01-04-2011]
Op de dei fan de kandidaatstelling, tusken 09.00 en 17.00 oere (pleatslike tiid),
kinne kandidatelisten fan ferskillende politike groepearrings ta in kombinaasje fan
listen ferbûn wurde troch by it sintraal stimburo in mei dat doel opstelde mienskiplike
ferklearring yn te leverjen fan de lêsthawwers dy’t op de listen oanjûn binne (model
I 10). By de ferkiezing fan de leden fan de Twadde Keamer kin op Bonêre, Sint Eustaasjes
en Saba in soartgelikense ferklearring, tusken 09.00 en 17.00 oere (pleatslike tiid)
ek by de gesachhawwer ynlevere wurde. Hy stjoert de ferklearring (mei in begeliedende
ferklearring dêrby – model Ya 9) uterlik op de dei nei de dei fan de kandidaatstelling
om 17.00 oere (Europeesk-Nederlânske tiid) elektroanysk troch nei it sintraal stimburo.
12. sintralekandidaatstelling
[Regeling vervallen per 01-04-2011]
By de ferkiezing fan de leden fan de Twadde Keamer en fan Provinsjale Steaten fan
in provinsje dy’t út mear as ien kiesrûnte bestiet, kinne politike groepearrings gebrûk
meitsje fan de mooglikheid fan sintrale kandidaatstelling. Dy mooglikheid kinne groepearrings
allinnich gebrûk fan meitsje as hja oan ien fan de neikommende betingsten foldogge:
-
– de ferkiezings wurdt yn alle kiesrûnten oan dielnommen mei in list dêr’t mear as tritich
nammen fan kandidaten op pleatst binne mits de nammen, mei útsûndering fan op ‘en
heechsten de lêste fiif, deselde binne en yn deselde folchoarder set binne.
-
– de ferkiezings wurdt oan dielnommen mei in identike kandidatelist yn alle kiesrûnten
troch politike groepearrings wêrfan de oantsjutting pleatst wie boppe in kandidatelist
dêr’t by de lêst holden ferkiezing fan de leden fan de Twadde Keamer, respektivelik
Provinsjale Steaten, ien of mear sitten oan takend binne.
De regeling is ek fan tapassing wannear’t oantsjuttings gearfoege binne, as by de
lêst holden ferkiezing fan de leden fan it oanbelangjend fertsjintwurdigjend orgaan,
itsij oan de mienskiplike groepearrings, itsij oan op syn minst ien dêrfan, ien of
mear sitten takend binne.
As fan de mooglikheid fan sintrale kandidaatstelling gebrûk makke wurdt, moat(te)
de kandidatelist(en) ynlevere wurde by it haadstimburo fan kiesrûnte 12 (De Haach)
by ferkiezings foar de Twadde Keamer en by it haadstimburo fan de kiesrûnte dêr’t
de gemeente yn leit dêr’t de gearkomste fan Provinsjale Steaten holden wurdt by in
ferkiezing foar Provinsjale Steaten.
By de ferkiezing fan de leden fan it Europeesk Parlemint jildt in kandidatelist foar
it hiele lân. Dy list moat by it sintraal stimburo (de Kiesrie) ynlevere wurde. Foar
de iepenbiere lichems jildt dat de kandidatelisten by de gesachhawwer op it bestjoerskantoar
ynlevere wurde.
13. tiden fan ynleverjen
[Regeling vervallen per 01-04-2011]
By de ferkiezing fan de leden fan de Twadde Keamer en fan de eilânsrieden wurde de
kandidatelisten op de dei fan de kandidaatstelling fan 09.00 oant 15.00 oere (pleatslike
tiid) ynlevere. By de ferkiezing fan de leden fan it Europeesk Parlemint yn de iepenbiere
lichems Bonêre, Sint Eustaasjes en Saba wurde de kandidatelisten ynlevere op de wurkdei
foar de dei fan de kandidaatstelling fan 09.00 oant 15.00 oere (pleatslike tiid).