U bent nu hier: Wettenbank
Zoals vergunningen, bouwplannen en lokale regelgeving
Zoals belastingen, uitkeringen en subsidies.
Officiële publicaties van de overheid.
Adressen en contactpersonen van overheidsorganisaties.
U bent hier:
[Regeling vervallen per 01-07-2013.]Geraadpleegd op 04-05-2024. Geldend van 13-06-2009 t/m 30-06-2013
Ynstellingsbeslút Stjoergroep desintralisaasje Fryske taal nei de provinsje Fryslân ta
De Minister fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes,
Mei út namme fan de Steatssiktaris fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes;
Mei it each op kêst 2, earste lid, fan de Wet fergoedings advyskolleezjes en kommisjes;
Mei it each op it bestjoersakkoart Ryk-provinsjes 2008–2011, ta stân kommen op 4 juny 2008;
Beslút:
[Regeling vervallen per 01-07-2013]
Yn dit beslút wurdt ferstien ûnder:
a. stjoergroep: Stjoergroep desintralisaasje Fryske taal nei de provinsje Fryslân ta;
b. bestjoersakkoart: bestjoersakkoart Ryk-provinsjes 2008–2011;
c. Minister: de Minister fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes;
d. Steatssiktaris: de Steatssiktaris fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes.
Der is in Stjoergroep desintralisaasje Fryske taal nei de provinsje Fryslân ta.
1 De stjoergroep hat as taak om in neiere útwurking te jaan oan de ôfspraak oangeande de Fryske taal, lykas dellein yn it bestjoersakkoart, en dêrta:
a. konkrete útstellen te dwaan om rykstaken en -foech op it stik fan de Fryske taal safolle mooglik te desintralisearjen nei de provinsje Fryslân ta, wêrby’t de gearhing tusken beliedsromte en finansjele ferantwurdlikheid in útdruklik punt fan omtinken by wêze sil;
b. konkrete útstellen te dwaan foar de operasjonalisearring fan in gearhingjende desintralisaasje en koördinaasje fan taken en foech dy’t mei de Fryske taal ferbân hâlde.
2 De stjoergroep wurdt frege om op syn lêst 1 jannewaris 2010 te rapportearjen oan de Minister en de Steatssiktaris, de oare oanbelangjende bewâldspersoanen en oan it kolleezje fan deputearre steaten fan de provinsje Fryslân.
3 Nei it útbringen fan it rapport hâldt de stjoergroep op te bestean.
1 De stjoergroep bestiet út de neifolgjende leden:
– de hear mr. R.J. Hoekstra (foarsitter)
– frou drs. M.J. Sanders-ten Holte
– de hear prof.dr. J. de Ridder
– frou drs. M.C.M. Waanders
– de hear prof.dr. P.J.J. Zoontjens
– de hear dr. R. Bagchus
2 De Minister beneamt en ûntslacht de foarsitter en leden fan de stjoergroep.
3 It skriuwerskip fan de stjoergroep wurdt fersoarge troch de hear dr. M.H. Klijnsma, haad fan it kluster Kwaliteit en Kaderstelling Bestjoer fan it ministearje fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes, en de hear drs. S. Akkerman, haad fan de ôfdieling Kultuer, Taal & Underwiis fan de provinsje Fryslân.
4 It skriuwerskip wurdt by it útoefenjen fan syn taak streekrjocht oanstjoerd troch de stjoergroep en docht syn wurk ûnôfhinklik fan de oanbelangjende bewâldspersoanen en it kolleezje fan deputearre steaten fan de provinsje Fryslân.
5 De stjoergroep kin, yn oerienstimming mei de bepalings fan dit beslút, syn wurkwize en dy fan it skriuwerskip regelje.
6 It behear fan de stikken dy’t ferbân hâlde mei de wurksumheden fan de stjoergroep bart yn oerienstimming mei de behearregels, op grûn fan de Argyfwet 1995 en it Argyfbeslút 1995. De oanbelangjende stikken wurde nei it beëinigjen fan de wurksumheden oan it argyf fan it ministearje fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes oerdroegen.
Foar syn wurksumheden kriget de foarsitter fan de stjoergroep in fergoeding fan € 332,– de gearkomste. Foar harren wurksumheden krije de leden fan de stjoergroep dy’t dêrfoar yn ’e beneaming komme, in fergoeding fan € 256,– de gearkomste.
Dit beslút giet yn op de twadde dei nei de datum fan de Staatscourant dêr’t it yn pleatst wurdt.
Dit beslút wurdt oanhelle as: Ynstellingsbeslút Stjoergroep desintralisaasje Fryske taal nei de provinsje Fryslân ta.
Dit beslút sil, mei taljochting, yn de Nederlânske en Fryske taal publisearre wurde yn de Staatscourant.
minister
G. ter Horst
Voor een permanente link naar de door u bekeken versie, inwerkinggetreden op , kopieer één van de onderstaande links of verfijn de link in de Linktool.
Met behulp van de Linktool van LiDO is het mogelijk om een bredere link of een meer gedetailleerde link te maken.
Ga naar de Linktool
Op linkeddata.overheid.nl zijn onderstaande relaties bekend.
Er is geen andere versie beschikbaar waarmee u de huidige geselecteerde versie, inwerkinggetreden op , kan vergelijken.
Selecteer een andere versie van de regeling waarmee u de huidige versie , inwerkinggetreden op , wilt vergelijken.
Vergelijken van "Ynstellingsbeslút Stjoergroep desintralisaasje Fryske taal nei de provinsje Fryslân ta", inwerkinggetreden op , met versie die inwerking is getreden op .
Doordat er een grote regeling is gekozen kan de vergelijking enkele minuten duren.
U kunt kiezen voor het toevoegen van de wetstechnische informatie aan de tekst.
U kunt kiezen in welk formaat de tekst geëxporteerd wordt.
U kunt de tekst inclusief afbeeldingen exporteren. De afbeeldingen worden dan met de tekst in een .zip-bestand geleverd
Via deze link kunt u meer informatie krijgen over de Europese richtlijn of verordening waarnaar in de tekst van de regeling verwezen wordt, inclusief de tekst daarvan. U wordt hiervoor doorgeleid naar EUR-LEX, de online databank van de Europese Unie waarin de Europese wetgeving is opgenomen.