Ynstellingsbeslút Tydlike kommisje garandearjen Fryske taal yn ’e Media

[Regeling vervallen per 01-01-2013.]
Geraadpleegd op 19-04-2024.
Geldend van 02-06-2012 t/m 31-12-2012

Beslút fan de Minister fan Underwiis, Kultuer en Wittenskip fan 23 mei 2012, nr. MLB/393.056, dat it ynstellen fan de Tydlike kommisje garandearjen Fryske Taal yn ’e media ynhâldt (Ynstellingsbeslút Tydlike kommisje garandearjen Fryske taal yn ’e media)

De Minister fan Underwiis, Kultuer en Wittenskip, hanneljend yn oerienstimming mei de Minister fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes en it kolleezje fan Deputearre Steaten fan de provinsje Fryslân,

Mei achtslaan fan kêst 2, earste lid, fan de Wet fergoedingen advyskolleezjes en kommisjes;

Beslút::

Kêst 1. Begrypsbepalingen

[Regeling vervallen per 01-01-2013]

Yn dit beslút wurdt ferstien ûnder:

  • a. minister respektivelik de Minister fan OCW: de Minister fan Underwiis, Kultuer en Wittenskip;

  • b. de Minister fan BZK: de Minister fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes;

  • c. kommisje: de kommisje neamd yn kêst 2;

  • d. ferdrachsôfspraken: de ôfspraken lykas fêstlein yn kêst 11 fan it Europeesk Hânfest foar regionale talen of talen fan minderheden en yn kêst 6 en 9 fan it Ramtferdrach oangeande it beskermjen fan nasjonale minderheden.

Kêst 2. Ynstelling en taak

[Regeling vervallen per 01-01-2013]

  • 1 Der is in Tydlike kommisje garandearjen Fryske taal yn ’e media.

  • 2 De kommisje hat de taak om advys út te bringen oer it garandearjen fan de ferdrachsôfspraken Fryske taal yn ’e media by de yntegraasje fan de lanlike en regionale omrop. Dat advys sil uterlik 1 jannewaris 2013 oan de Ministers fan OCW en BZK útbrocht wurde.

Kêst 3. Doer ynstelling

[Regeling vervallen per 01-01-2013]

De kommisje wurdt ynsteld foar de rest fan 2012 mei yngong fan de datum fan it yngean fan dit beslút.

Kêst 4. Ynformaasjeplicht

[Regeling vervallen per 01-01-2013]

As derom frege wurdt jout de kommisje oan de minister de ynformaasje dêr’t sy ferlet fan hat.

Kêst 5. Leden

[Regeling vervallen per 01-01-2013]

  • 1 Ta leden fan de kommisje wurde beneamd:

    • a. de hear R.J. Hoekstra, tagelyk foarsitter;

    • b. frou I. Brakman;

    • c. de hear B. Groenendijk.

  • 2 De kommisje wurdt bystien troch in skriuwer. De skriuwer is gjin lid fan de kommisje.

  • 3 De beneaming jildt salang’t de kommisje bestiet.

  • 4 As in lid tuskentiids ôfgiet, kin de Minister fan OCW – yn oerlis mei de Minister fan BZK en Deputearre Steaten fan Fryslân – in oar lid beneame.

Kêst 6. Wurkwize

[Regeling vervallen per 01-01-2013]

  • 1 De kommisje stelt sels de eigen wurkwize fêst.

  • 2 De kommisje kin him, foarsafier’t soks foar it útfieren fan syn taak nedich is, troch oare persoanen bystean litte, dêrûnder, eventueel op persoanlike titel, amtlike saakkundigen.

Kêst 7. Einrapport

[Regeling vervallen per 01-01-2013]

De kommisje bringt foar 1 jannewaris 2013 syn einrapport oan de minister út.

Kêst 8. Fergoeding

[Regeling vervallen per 01-01-2013]

  • 3 De fergoeding foar in gearkomste fan de foarsitter fan de kommisje bedraacht 130% fan de hichte fan de fergoeding dy’t oan de oare leden fan de kommisje tawiisd is.

  • 5 Twa of mear gearkomsten op deselde dei wurde as ien gearkomste oanmurken.

Kêst 9. Kosten fan de kommisje

[Regeling vervallen per 01-01-2013]

  • 1 De kosten fan de kommisje komme, foarsafier’t dy goedkard binne, op rekken fan de minister. Under kosten wurde yn alle gefallen ferstien:

    • 1. de kosten foar gearkomsten en foar sekretariële stipe;

    • 2. de kosten foar it ynskeakeljen fan eksterne saakkundichheid en it útfiere litten fan ûndersyk, en

    • 3. de kosten foar it opstellen fan de advizen dêr’t om frege is.

  • 2 De kommisje biedt, sa gau mooglik nei’t er ynsteld is, in begrutting en in plenning oan de minister oan.

Kêst 10. Geheimhâlding

[Regeling vervallen per 01-01-2013]

Elkenien dy’t yn de aktiviteiten fan de kommisje behelle west hat en dêrby gegevens ta syn foldwaan kriget dêr’t er fan wit of dêr’t er yn alle ridlikheid fan tinke kin dat se in fertroulik karakter hawwe en foar wa’t omreden fan amt, berop of wetlik foarskrift oangeande dy gegevens al in geheimhâldingsplicht jildt, is ta geheimhâlding dêrfan ferplichte, útsein foarsafier’t likefolle hokker wetlik foarskrift him ta bekendmakking ferplichtet of de needsaak ta bekendmakking in gefolch is fan it útfieren fan syn taak by dy aktiviteiten.

Kêst 11. Iepenbiermakking

[Regeling vervallen per 01-01-2013]

Rapporten, notysjes, ferslaggen en oare produkten dy’t troch of út namme fan de kommisje opsteld wurde, wurde net troch de kommisje iepenbier makke, mar inkeld oan de minister útbrocht.

Kêst 12. Argyfstikken

[Regeling vervallen per 01-01-2013]

De kommisje draacht sa gau mooglik, nei it ôfsluten fan syn aktiviteiten of, as de omstannichheden dêr oanlieding ta jouwe, safolle earder, de stikken oangeande de aktiviteiten oer oan it argyf fan de direksje Media, Letteren en Biblioteken fan it ministearje fan Underwiis, Kultuer en Wittenskip.

Kêst 13. Yngean

[Regeling vervallen per 01-01-2013]

  • 1 Dit beslút giet yn op de dei nei de datum fan de Staatscourant dêr’t it yn pleatst wurdt.

  • 2 Dit beslút ferfalt mei yngong fan 1 jannewaris 2013.

Kêst 14. Siteartitel

[Regeling vervallen per 01-01-2013]

Dit beslút wurdt oanhelle as Ynstellingsbeslút Tydlike kommisje garandearjen Fryske taal yn ’e Media.

Dit beslút sil, mei de taljochting, yn de Nederlânske en Fryske taal yn de Staatscourant pleatst wurde.

De Minister fan Underwiis, Kultuer en Wittenskip,

J.M. van Bijsterveldt-Vliegenthart

Naar boven