Overheid.nl| Zoekpagina

De wegwijzer naar informatie en diensten van alle overheden

Naar zoeken

Regeling in verband met de invoering van de mogelijkheid om voor de verkiezing van [...] van modellen voor de kandidaatstelling in de Friese taal[Regeling vervallen per 01-04-2011.]

Geldend van 25-12-2010 t/m 31-03-2011

Regeling van de Minister van Binnenlandse Zaken en Koninkrijksrelaties van 16 december 2010, nr. 2010-0000829998, in verband met de invoering van de mogelijkheid om voor de verkiezing van de leden van provinciale staten van Fryslân op woensdag 2 maart 2011 gebruik te maken van modellen voor de kandidaatstelling in de Friese taal

De Minister van Binnenlandse Zaken en Koninkrijksrelaties,

Gelet op de artikelen H 1, H 3, H 4, H 9 en H 15 van de Kieswet;

Besluit:

Artikel 1 [Vervallen per 01-04-2011]

Voor de verkiezing van de leden van provinciale staten van Fryslân op woensdag 2 maart 2011 kan naast de modellen H 1, H 3-1, H 3-2, H 4, H 9 en H 12 in de bijlage bij de Modellenregeling Kieswet en Kiesbesluit 2010 gebruik worden gemaakt van de modellen in de bijlage bij deze regeling.

Artikel 2 [Vervallen per 01-04-2011]

Deze regeling treedt in werking met ingang van de dag na de datum van uitgifte van de Staatscourant waarin zij wordt geplaatst en vervalt met ingang van 1 april 2011.

Deze regeling zal met de bijlage en de toelichting in de Staatscourant worden geplaatst.

De

minister

van Binnenlandse Zaken en Koninkrijksrelaties,

J.P.H. Donner

Bijlage [Vervallen per 01-04-2011]

Model h 1. kandidatelist [Vervallen per 01-04-2011]

WICHTICH! LÊS EARST DE TALJOCHTING.

Mei blokletters ynfolje.

List fan kandidaten foar de ferkiezing fan de leden fan de Twadde Keamer fan de Steaten-Generaal / Provinsjale Steaten fan ............... / de rie fan de gemeente ............... / de eilânsrie fan it iepenbier lichem ............... / it Europeesk Parlemint op ............... [in kiesrûnte ............... (...............)]1ynlevere troch ............... (namme), wenjend ............... (wenplak), op ............... (datum):

Oantsjutting fan de politike groepearring: ...............

Nr. Namme 2 Foarletters Bertedatum Wenplak Korrespondinsje-adres + postkoade Tink derom: it is net ferplichte om jo wenadres oan te jaan! Jo kinne ek in oar korrespondinsje-adres – dat gjin postbusnûmer wêze mei – oanjaan, bygelyks it adres fan it partijkantoar. Sjoch taljochting punt 2.

1.

........

..........

...............

...............

...............

2.

ensfh.

       

2Sjoch de taljochting by de punten 1, 2 en 3.

By dizze list binne oerlein:2

  • in ferklearring fan boargemaster en wethâlders fan de gemeente, of it bestjoerskolleezje fan it iepenbier lichem dêr’t de yntsjinner as kiezer registrearre is, dat er it foech hat om oan de ferkiezing diel te nimmen;

  • in ferklearring fan de lêsthawwer fan in politike groepearring dêr’t de yntsjinner it foech yn takend wurdt om boppe de list de oantsjutting fan de oanbelangjende groepearring te pleatsen;

  • op syn minst tsien / tweintich / tritich ferklearrings fan kiezers dat hja de list stypje;

  • in ferklearring fan elke kandidaat dy’t op de list stiet dat er mei syn kandidaatstelling ynstimt;

  • in kopy fan in jildich identiteitsbewiis fan elke kandidaat dy’t gjin sit hat yn it fertsjintwurdigjend orgaan dêr’t de ferkiezings foar holden wurde;

  • in bewiis dat de tapaslike boarchsom betelle is;

  • in ferklearring fan foarnommen fêstiging fan elke kandidaat dy’t op it stuit net yn de gemeente / de provinsje / it iepenbier lichem wennet;

  • foar de ferkiezing fan de leden fan it Europeesk Parlemint: in ferklearring fan elke kandidaat dy’t op de list stiet dat er net yn in oare lidsteat kandidaat foar it Europeesk Parlemint wêze sil;

De neikommende persoan(en) hat (hawwe), as de yntsjinner behindere is, it foech om fersommen te ferhelpen, as bedoeld yn kêst I 2 fan de Kieswet:

1.

............... (namme),

 

............... (wenplak)

 

............... (korrespondinsje-adres – dat gjin postbusnûmer wêze mei)4

2.

ensfh.

4Tink derom: it is net ferplichte om it wenadres oan te jaan! Jo kinne ek in oar korrespondinsje-adres – dat gjin postbusnûmer wêze mei – oanjaan, bygelyks dat fan it partijkantoar.

As lêsthawwer, mei it foech om dizze list mei oare listen ta in kombinaasje fan listen te ferbinen, wurdt oanwiisd:

 

............... (namme),

 

............... (wenplak)

 

............... (korrespondinsje-adres – dat gjin postbusnûmer wêze mei)5

 

ensfh.

5Tink derom: it is net ferplichte om it wenadres oan te jaan! Jo kinne ek in oar korrespondinsje-adres – dat gjin postbusnûmer wêze mei – oanjaan, bygelyks dat fan it partijkantoar.

As syn plakferfanger(s) wurdt (wurde) oanwiisd:

1.

............... (namme),

 

............... (wenplak)

 

............... (korrespondinsje-adres - dat gjin postbusnûmer wêze mei)6

2.

ensfh.

6Tink derom: it is net ferplichte om it wenadres oan te jaan! Jo kinne ek in oar korrespondinsje-adres – dat gjin postbusnûmer wêze mei – oanjaan, bygelyks dat fan it partijkantoar.

Taljochting [Vervallen per 01-04-2011]

1. Hoe’t de kandidaten op de list oanjûn wurde moatte [Vervallen per 01-04-2011]

De namme meie neiere oantsjuttings (lykas sr. en jr.) oan tafoege wurde, op betingst dat dy lykas wenst ôfkoarte wurde. Efter de foarletters kin tusken heakjes de ropnamme fan de kandidaat oanjûn wurde. Efter de foarletters of, as soks oanjûn is, de ropnamme, mei om it slachte fan de kandidaat oan te jaan, ’(m)’ of ’(f)’ tafoege wurde.

Persoanen dy’t troud binne of west hawwe of persoanen fan wa’t it partnerskip registrearre is of registrearre west hat, wurde op de list oanjûn, itsij mei de eigen namme, itsij, foarsafier’t hja dêr op grûn fan kêst 9 fan Boek 1 fan it Boargerlik Wetboek of kêst 9 fan Boek 1 fan it Boargerlik Wetboek BES it foech ta hawwe, mei de namme fan oarehelte of registrearre partner of mei de eigen namme mei in lizzend streekje folge troch of foarôfgien troch de namme fan de oarehelte of registrearre partner.

2. It wenplak en it korrespondinsje-adres oanjaan [Vervallen per 01-04-2011]

It oanjaan fan it wenplak fan de kandidaat is ferplichte.

It oanjaan fan it adres en de postkoade fan de kandidaat is lykwols net ferplichte. Yn ferbân mei de korrespondinsje wurdt de kandidaat dy’t syn wenadres net op de kandidatelist hawwe wol, frege om in korrespondinsje-adres oan te jaan (dat gjin postbusnûmer wêze mei), bygelyks it adres fan it partijkantoar. Ferskillende kandidaten kinne fan itselde korrespondinsje-adres gebrûk meitsje.

3. It maksimum tal nammen op in list [Vervallen per 01-04-2011]

De list meie de nammen fan op syn meast fyftich kandidaten op pleatst wurde. De list fan in politike groepearring wêrfan de oantsjutting pleatst wie boppe in kandidatelist dêr’t by de lêst holden ferkiezing fan de leden fan it oanbelangjend fertsjintwurdigjend orgaan mear as fyftjin sitten oan takend binne, mei in tal nammen op pleatst wurde dat op syn meast tachtich bedraacht.

4. De yntsjinner fan de list [Vervallen per 01-04-2011]

De yntsjinner moat it foech hawwe om oan de oanbelangjende ferkiezing diel te nimmen. As de yntsjinner net as kiezer registrearre is yn de gemeente of it iepenbiere lichem dêr’t it haadstimburo fêstige is, moat er in ferklearring fan de boargemaster en wethâlders fan de gemeente / it bestjoerskolleezje fan it iepenbier lichem dêr’t er as kiezer registrearre is, oerlizze ynhâldende dat er it foech hat om oan de ferkiezing diel te nimmen. It haadstimburo kin de yntsjinner derop fergje dat er fan syn identiteit bliken docht. Dejinge dy’t in kandidatelist by de gesachhawwer fan Sint Eustaasjes of Saba yntsjinnet, moat fan syn identiteit bliken dwaan.

5. it pleatsen fan in oantsjutting fan in politike groepearring boppe de list [Vervallen per 01-04-2011]

De lêsthawwer fan de oanbelangjende politike groepearring kin de yntsjinner it foech takenne om boppe de list de oantsjutting fan dy groepearring te pleatsen. sa’t dy troch it sintraal stimburo registrearre is. By de list moat in ferklearring fan de lêsthawwer oerlein wurde dêr’t dat foech út bliken docht (model H 3-1).

De yntsjinner mei boppe de list ek in oantsjutting pleatse, foarme troch it gearfoegjen fan de foar de oanbelangjende ferkiezing registrearre oantsjuttings of ôfkoartings dêrfan, as him it foech datoangeande troch de lêsthawwers fan de ûnderskate groepearrings takend is. By de list moat in ferklearring fan de lêsthawwers oerlein wurde dêr’t dat foech út bliken docht (model H 3-2). In sa foarme oantsjutting mei op syn heechst út 35 letters of oare tekens bestean.

6. ferklearrings fan stipe [Vervallen per 01-04-2011]

By de ferkiezings fan de leden fan de Twadde Keamer, it Europeesk Parlemint, de Provinsjale Steaten en gemeenterieden dêr’t it tal te ferpartsjen sitten yn de rie op syn minst 39 bedraacht, moatte foar elke ôfsûnderlike kandidatelist 30 ferklearrings fan kiezers, dy’t yn de kiesrûnte wenje dêr’t de list foar ynlevere wurdt, oerlein wurde dat hja de list stypje (model H 4). Yn gemeenten dêr’t it tal te ferpartsjen sitten yn de rie minder as 39 is, mar op syn minst 19, jildt in ferplichte tal fan 20 stipeferklearrings, wylst yn gemeenten of iepenbiere lichems mei minder as 19 sitten 10 stipeferklearrings oerlein wurde moatte. Kiezers dy’t in stipeferklearring ôflizze wolle, moatte dy binnen in termyn fan sân dagen foarôfgeand oan de kandidaatstelling of op de dei fan kandidaatstelling ûndertekenje op de sekretary fan de gemeente of it iepenbier lichem dêr’t hja as kiezer registrearre binne. By de ferkiezing fan de Twadde Keamer op Bonêre, Sint Eustaasjes en Saba kinne stipeferklearrings ynlevere wurde by de gesachhawwer op Sint Eustaasjes en Saba of by it haadstimburo op Bonêre. By de ferkiezing fan de leden fan it Europeesk Parlemint yn de iepenbiere lichems Bonêre, Sint Eustaasjes en Saba wurde de stipeferklearrings ynlevere binnen in termyn fan sân dagen foarôfgeand oan of op de wurkdei foar de dei fan de kandidaatstelling.

Der hoege gjin stipeferklearrings by in kandidatelist oerlein te wurden, as:

  • a. de oantsjutting fan de politike groepearring pleatst wie boppe in kandidatelist dêr’t by de lêst holden ferkiezing fan it oanbelangjend orgaan ien of mear sitten oan takend binne;

  • b. oantsjuttings fan twa of mear groepearrings gearfoege wurde, op betingst dat by de lêst holden ferkiezing fan it oanbelangjend orgaan, itsij oan de mienskiplike groepearring, itsij oan op syn minst ien dêrfan, ien of mear sitten takend binne.

  • c. twa of mear groepearrings as ien nije groepearring ûnder in nije namme tegearre of mei-inoar oan de ferkiezing fan it oanbelangjend orgaan dielnimme, op betingst dat by de lêst holden ferkiezing fan it oanbelangjend orgaan, oan elk fan de ôfsûnderlike groepearrings ien of mear sitten takend binne.

7. ferklearring fan ynstimming [Vervallen per 01-04-2011]

By de list moat fan elke kandidaat dy’t dêrop stiet in skriftlike ferklearring oerlein wurde dat er ynstimt mei syn kandidaatstelling op dy list (model H 9). As de kandidaat bûten Nederlân tahâldt, is de ferklearring net oan it foarskreaune formulier bûn en kin ek oer de faks ferstjoerd wurde.

8. identiteitsbewiis [Vervallen per 01-04-2011]

By de list moat fan elke kandidaat dy’t dêrop stiet en dy’t gjin sit hat yn it fertsjintwurdigjend orgaan dêr’t de ferkiezing foar holden wurdt, in kopy fan in identiteitsbewiis oerlein wurde. As identiteitsbewiis wurde akseptearre de dokuminten dy’t yn kêst 1 fan de Wet op de identifikaasjeplicht neamd wurde, te witten:

  • in jildich Nederlânsk paspoart, of in paspoart fan ien fan de lannen fan de Europeeske Uny, respektivelik Europeeske Ekonomyske romte;

  • in jildige Nederlânske identiteitskaart of in identiteitskaart fan ien fan de lannen fan de Europeeske Uny, respektivelik Europeeske Ekonomyske romte;

  • in jildich Nederlânsk rydbewiis of in rydbewiis fan ien fan de lannen fan de Europeeske Uny, respektivelik Europeeske Ekonomyske romte;

  • in dokumint dat in frjemdling neffens de Frjemdlingewet 2000 ta syn foldwaan hawwe moat om dêr syn identiteit, nasjonaliteit of ferbliuwsrjochtlike posysje mei fêststelle te kinnen.

Op Bonêre, Sint Eustaasjes en Saba wurde as identiteitsbewiis akseptearre de dokuminten as bedoeld yn kêst 2 fan de Wet identifikaasjeplicht BES, te witten:

  • in jildich Nederlânsk nasjonaal paspoart, of in paspoart fan ien fan de lannen fan de Europeeske Uny, respektivelik Europeeske Ekonomyske romte;

  • in jildige identiteitskaart fan Bonêre, Sint Eustaasjes en Saba;

  • in jildich rydbewiis as bedoeld yn de wegeferkearswetjouwing fan Bonêre, Sint Eustaasjes en Saba;

  • in dokumint dat in frjemdling neffens de Wet talitting en útsetting BES ta syn foldwaan hawwe moat om dêr syn identiteit, nasjonaliteit of ferbliuwsrjochtlike posysje mei fêststelle te kinnen.

9. boarchsom [Vervallen per 01-04-2011]

Elke kandidatelist (groep fan listen, stel identike listen) moat yn begjinsel in beskate boarchsom foar betelle wurde. By de ferkiezings foar de Twadde Keamer en it Europeesk Parlemint bedraacht dy boarchsom € 11.250,-, by de ferkiezings foar Provinsjale Steaten € 1.125,-, by de ferkiezings foar de gemeenterie € 225,- en by de ferkiezings foar de eilânsrie yn ien fan de iepenbiere lichems USD 225. Wa’t de boarchsom betelle hat, krijt (foar elke kiesrûnte) in bewiis dêrfan. Dat bewiis moat by it yntsjinjen fan de list oerlein wurde.

De ferplichting ta it beteljen fan in boarchsom en it oerlizzen fan in bewiis fan betelling dêrfan jildt net foar in kandidatelist fan in politike groepearring, as de oantsjutting dêrfan boppe in kandidatelist pleatst wie dêr’t by de lêst holden ferkiezing fan de leden fan it oanbelangjend fertsjintwurdigjend orgaan ien of mear sitten oan takend binne. Dat jildt ek foar it gearfoegjen fan oantsjuttings fan twa of mear groepearrings, as by de lêst holden ferkiezing fan de leden fan it oanbelangjend fertsjintwurdigjend orgaan, itsij oan de mienskiplike groepearrings, itsij oan op syn minst ien dêrfan, ien of mear sitten takend binne.

10. ferklearring fan foarnommen fêstiging [Vervallen per 01-04-2011]

By gemeenteriedsferkiezings, ferkiezings foar Provinsjale Steaten en eilânsriedsferkiezings moat de kandidaat dy’t gjin ynwenner is fan de oanbelangjende gemeente of provinsje of it oanbelangjend iepenbier lichem in troch de kandidaat ûndertekene ferklearring oerlizze dêr’t út bliken docht dat er fan doel is om him by beneaming nei wenjen te setten yn respektivelik de gemeente, de provinsje of it iepenbier lichem.

11. kombinaasje fan listen [Vervallen per 01-04-2011]

Op de dei fan de kandidaatstelling, tusken 09.00 en 17.00 oere (pleatslike tiid), kinne kandidatelisten fan ferskillende politike groepearrings ta in kombinaasje fan listen ferbûn wurde troch by it sintraal stimburo in mei dat doel opstelde mienskiplike ferklearring yn te leverjen fan de lêsthawwers dy’t op de listen oanjûn binne (model I 10). By de ferkiezing fan de leden fan de Twadde Keamer kin op Bonêre, Sint Eustaasjes en Saba in soartgelikense ferklearring, tusken 09.00 en 17.00 oere (pleatslike tiid) ek by de gesachhawwer ynlevere wurde. Hy stjoert de ferklearring (mei in begeliedende ferklearring dêrby – model Ya 9) uterlik op de dei nei de dei fan de kandidaatstelling om 17.00 oere (Europeesk-Nederlânske tiid) elektroanysk troch nei it sintraal stimburo.

12. sintralekandidaatstelling [Vervallen per 01-04-2011]

By de ferkiezing fan de leden fan de Twadde Keamer en fan Provinsjale Steaten fan in provinsje dy’t út mear as ien kiesrûnte bestiet, kinne politike groepearrings gebrûk meitsje fan de mooglikheid fan sintrale kandidaatstelling. Dy mooglikheid kinne groepearrings allinnich gebrûk fan meitsje as hja oan ien fan de neikommende betingsten foldogge:

  • de ferkiezings wurdt yn alle kiesrûnten oan dielnommen mei in list dêr’t mear as tritich nammen fan kandidaten op pleatst binne mits de nammen, mei útsûndering fan op ‘en heechsten de lêste fiif, deselde binne en yn deselde folchoarder set binne.

  • de ferkiezings wurdt oan dielnommen mei in identike kandidatelist yn alle kiesrûnten troch politike groepearrings wêrfan de oantsjutting pleatst wie boppe in kandidatelist dêr’t by de lêst holden ferkiezing fan de leden fan de Twadde Keamer, respektivelik Provinsjale Steaten, ien of mear sitten oan takend binne.

De regeling is ek fan tapassing wannear’t oantsjuttings gearfoege binne, as by de lêst holden ferkiezing fan de leden fan it oanbelangjend fertsjintwurdigjend orgaan, itsij oan de mienskiplike groepearrings, itsij oan op syn minst ien dêrfan, ien of mear sitten takend binne.

As fan de mooglikheid fan sintrale kandidaatstelling gebrûk makke wurdt, moat(te) de kandidatelist(en) ynlevere wurde by it haadstimburo fan kiesrûnte 12 (De Haach) by ferkiezings foar de Twadde Keamer en by it haadstimburo fan de kiesrûnte dêr’t de gemeente yn leit dêr’t de gearkomste fan Provinsjale Steaten holden wurdt by in ferkiezing foar Provinsjale Steaten.

By de ferkiezing fan de leden fan it Europeesk Parlemint jildt in kandidatelist foar it hiele lân. Dy list moat by it sintraal stimburo (de Kiesrie) ynlevere wurde. Foar de iepenbiere lichems jildt dat de kandidatelisten by de gesachhawwer op it bestjoerskantoar ynlevere wurde.

13. tiden fan ynleverjen [Vervallen per 01-04-2011]

By de ferkiezing fan de leden fan de Twadde Keamer en fan de eilânsrieden wurde de kandidatelisten op de dei fan de kandidaatstelling fan 09.00 oant 15.00 oere (pleatslike tiid) ynlevere. By de ferkiezing fan de leden fan it Europeesk Parlemint yn de iepenbiere lichems Bonêre, Sint Eustaasjes en Saba wurde de kandidatelisten ynlevere op de wurkdei foar de dei fan de kandidaatstelling fan 09.00 oant 15.00 oere (pleatslike tiid).

Model H 3-1. Machtiging ta it pleatsen fan de oantsjutting fan in politike groepearring boppe in kandidatelist [Vervallen per 01-04-2011]

Mei blokletters ynfolje.

Underskreaune, ............... (namme), dy’t de lêsthawwer, as bedoeld yn kêst G 1 / G 2 / G 3, tredde lid fan de Kieswet, is fan ............... (folsleine statutêre namme fan de oanbelangjende politike groepearring), kent hjirby oan ............... (namme), yntsjinner fan de ûndersteande list fan kandidaten foar de ferkiezing fan de leden fan de Twadde Keamer fan de Steaten-Generaal / Provinsjale Steaten fan ............... / de rie fan de gemeente ............... / de eilânsrie fan it iepenbier lichem ............... / it Europeesk Parlemint op ..............., it foech ta om boppe de list de neikommende oantsjutting fan de oanbelangjende groepearring, lykas dy neffens de kêsten G 1, G 2 of G 3 fan de Kieswet registrearre is, te pleatsen: ...............

List fan kandidaten:3

       

Nr.

Namme

Foarletters

Wenplak

1.

...............

...............

...............

2.

ensfh.

 

 

 

 

 

Datum: ...............

Hantekening: ...............

Model H 3-2. Machtiging ta it pleatsen fan in oantsjutting, foarme troch it gearfoegjen fan de oantsjuttings fan politike groepearrings of ôfkoartings dêrfan, boppe in kandidatelist [Vervallen per 01-04-2011]

Mei blokletters ynfolje.

Underskreaune(n),4............... (namme/nammen), dy’t de lêsthawwer(s), as bedoeld yn kêst G 1 / G 2 / G 3, tredde lid, fan de Kieswet, is/binne fan ............... (folsleine statutêre namme/nammen fan de oanbelangjende politike groepearring(s) kent/kenne hjirby oan ............... (namme), yntsjinner fan de ûndersteande list fan kandidaten foar de ferkiezing fan de leden fan de Twadde Keamer fan de Steaten-Generaal / Provinsjale Steaten fan ............... / de rie fan de gemeente ............... / de eilânsrie fan it iepenbier lichem ............... / it Europeesk Parlemint op ..............., it foech ta om boppe de list de neikommende oantsjutting, foarme troch it gearfoegjen fan de oantsjuttings fan de oanbelangjende groepearrings, lykas dy neffens de kêsten G 1, G 2 of G 3 fan de Kieswet registrearre binne, of ôfkoartings dêrfan te pleatsen: ...............

List fan kandidaten:5

       

Nr.

Namme

Foarletters

Wenplak

1.

...............

...............

...............

2.

ensfh.

 

 

 

 

 

Datum: ...............

Hantekening: ...............

Model H 4. Ferklearring fan stipe fan in kandidatelist [Vervallen per 01-04-2011]

WICHTICH! LÊS EARST DE TALJOCHTING.

Mei blokletters ynfolje.

Underskreaune, ............... (namme), wenjend yn ............... (wenplak6), ferklearret de ûndersteande list fan kandidaten foar de ferkiezing fan de leden fan de Twadde Keamer fan de Steaten-Generaal / Provinsjale Steaten fan ............... / de rie fan de gemeente ............... / de eilânsrie fan it iepenbier lichem ............... / it Europeesk Parlemint op ............... [yn kiesrûnte ............... (...............)]7te stypjen.

Oantsjutting fan de politike groepearring: ...............

List fan kandidaten:8

       

Nr.

Namme

Foarletters

Wenplak

1.

...............

...............

...............

2.

ensfh.

 

 

 

 

 

Datum: ...............

Hantekening: ...............

Yn te foljen troch de boargemaster / gesachhawwer

De boargemaster / gesachhawwer fan ............... ferklearret dat de ûndertekener yn syn gemeente / iepenbier lichem as kiezer registrearre is.

Datum: ...............

De boargemaster / gesachhawwer,

Taljochting [Vervallen per 01-04-2011]

Ferklearrings fan stipe kinne allinnich mar ôflein wurde troch persoanen dy’t yn de kiesrûnte dêr’t de list foar jildt, as kiezer foar de oanbelangjende ferkiezing registrearre binne.

In kiezer dy’t in ferklearring fan stipe ôflizze wol, ûndertekenet dy ferklearring binnen in termyn fan sân dagen foarôfgeand oan de kandidaatstelling of op de dei fan kandidaatstelling op de sekretary fan de gemeente / it iepenbier lichem dêr’t er as kiezer registrearre is, yn oanwêzigens fan de boargemaster / gesachhawwer of troch in amtner dy’t dêrfoar oanwiisd is. De kiezer docht dêrby fan syn identiteit bliken.

By de ferkiezing fan de leden fan it Europeesk Parlemint ûndertekenet de kiezer, dy’t yn de iepenbiere lichems Bonêre, Sint Eustaasjes of Saba registrearre is en dy’t in ferklearring fan stipe ôflizze wol, dy ferklearring binnen in termyn fan sân dagen foarôfgeand oan of op de wurkdei foar de dei fan de kandidaatstelling. De ûndertekening is op de sekretary fan it iepenbier lichem dêr’t er registrearre is, yn oanwêzigens fan de gesachhawwer of in amtner dy’t er dêrfoar oanwiisd hat of syn plakferfangende eilânsdeputearre. De kiezer docht fan syn identiteit bliken.

In kiezer mei net mear as ien ferklearring fan stipe ûndertekenje.

In oerleine ferklearring fan stipe kin net ynlutsen wurde.

Der hoege gjin stipeferklearrings by in kandidatelist oerlein te wurden, as:

  • a. de oantsjutting fan de politike groepearring boppe in kandidatelist pleatst wie dêr’t by de lêst holden ferkiezing fan it oanbelangjend orgaan ien of mear sitten oan takend binne;

  • b. oantsjuttings fan twa of mear groepearrings gearfoege wurde, op betingst dat by de lêst holden ferkiezing fan it oanbelangjend orgaan, itsij oan de mienskiplike groepearring, itsij oan op syn minst ien dêrfan, ien of mear sitten takend binne;

  • c. twa of mear groepearrings as ien nije groepearring ûnder in nije namme tegearre of mei-inoar oan de ferkiezing dielnimme, op betingst dat by de lêst holden ferkiezing fan it oanbelangjend orgaan, oan elk fan de ôfsûnderlike groepearrings ien of mear sitten takend binne.

Kêst Z 4, twadde en tredde lid fan de Kieswet

Lid 2. Dejinge dy’t by in ferkiezing troch jefte of ûnthjit in kiezer omkeapet of oars derta twingt om in ferklearring as bedoeld yn kêst H 4, earste lid, ôf te lizzen om in list te stypjen, wurdt straft mei in finzenisstraf fan op ‘en heechsten seis moanne of in jildboete fan de tredde kategory;

Lid 3. Mei deselde straf wurdt de kiezer straft dy’t him troch jefte of ûnthjit ta it by folmacht stimmen of it ôflizzen fan in stipeferklearring omkeapje lit.

Model H 9. Ferklearring fan ynstimming mei de kandidaatstelling [Vervallen per 01-04-2011]

WICHTICH! LÊS EARST DE TALJOCHTNG.

Mei blokletters ynfolje.

De ferklearring fan ynstimming

Underskreaune, ............... (namme), wenjend yn ............... (wenplak9), ferklearret dat hy/sy dermei ynstimt dat hy/sy foarkomt op ûndersteande list fan kandidaten foar de ferkiezing fan de leden fan de Twadde Keamer fan de Steaten-Generaal / Provinsjale Steaten fan ............... / de rie fan de gemeente ............... / de eilânsrie fan it iepenbier lichem ............... / it Europeesk Parlemint op ............... [yn kiesrûnte ............... (...............)].10

Oantsjutting fan de politike groepearring: ...............

List fan kandidaten:11

       

Nr.

Namme

Foarletters

Wenplak

1.

...............

...............

...............

2.

enz.

   

 

 

 

Datum: ...............

Hantekening: ...............

Oanwizing fan in lêsthawwer [Vervallen per 01-04-2011]

Underskreaune ferklearret, om’t by de ferkiezing fan de leden fan de Twadde Keamer fan de Steaten-Generaal / Provinsjale Steaten fan ............... / de rie fan de gemeente ............... / it Europeesk Parlemint syn wenplak bûten it Europeesk part fan Nederlân leit, / by de ferkiezing fan de eilânsrie fan it iepenbier lichem ............... syn wenplak bûten dat iepenbier lichem leit, of om’t gebrûk makke wurdt fan in ‘memmelist’12(sjoch taljochting), dat hy/sy as syn lêsthawwer, as bedoeld yn kêst H 10 of kêst H 10a fan de Kieswet, oanwiist:

Namme: ...............

Wenplak: ...............

Korrespondinsje-adres: ................13

Datum: ...............

Hantekening: ...............

Taljochting [Vervallen per 01-04-2011]

1. de ferklearring fan ynstimming [Vervallen per 01-04-2011]

De ferklearring fan ynstimming wurdt ôflein troch elke kandidaat op de kandidatelist. In oerleine ferklearring fan ynstimming kin net ynlutsen wurde. As jo bûten Nederlân tahâlde, is de ferklearring net bûn oan hokfoar formulier dan ek en kin er ek oer de faks ferstjoerd wurde.

2. it oanwizen fan in lêsthawwer [Vervallen per 01-04-2011]

Betingsten [Vervallen per 01-04-2011]

De kandidaat wiist yn trije gefallen in lêsthawwer oan:

  • 1. As it giet om de ferkiezing fan de leden fan de Twadde Keamer, Provinsjale Steaten, de gemeenterie of it Europeesk Parlemint en it wenplak fan de kandidaat leit bûten it Europeesk part fan Nederlân, dan is de kandidaat ferplichte om in lêsthawwer oan te wizen dy’t yn it Europeesk part fan Nederlân wennet.

  • 2. As it giet om de ferkiezing fan de eilânsrie fan in iepenbier lichem (Bonêre, Sint Eustaasjes of Saba) en it wenplak fan de kandidaat leit bûten it iepenbier lichem dêr’t de ferkiezing foar jildt, dan is de kandidaat ferplichte om in lêsthawwer oan te wizen dy’t yn it iepenbier lichem wennet dêr’t de ferkiezing foar jildt.

  • 3. De politike groepearring fan de kandidaat makket gebrûk fan in saneamde ‘memmelist’ by de ferkiezing fan de leden fan de Twadde Keamer of Provinsjale Steaten. De kandidaat kin dan in lêsthawwer oanwize, mar is dêr net ta ferplichte.

Yn alle oare gefallen mei de kandidaat gjin lêsthawwer oanwize.

Gefolgen fan de machtiging [Vervallen per 01-04-2011]

De lêsthawwer hat it foech om inkelde beneamingshannelings te ferrjochtsjen, as de kandidaat keazen is. Dy hannelings binne bedoeld foar it al as net oanfurdigjen fan, of it net yn oanmerking komme wollen foar, in eventuele beneaming (kêsten V 2, earste, fjirde en fyfte lid, V 3, earste, twadde, en tredde lid en W 2, earste lid, ûnderdiel f, fan de Kieswet).

De kandidaat dy’t in lêsthawwer oanwiisd hat, kin dy hannelings net mear sels ferrjochtsje. De kandidaat hat wol it foech om in folmacht yn te lûken. De kandidaat moat dat skriftlik of oer de faks bekend meitsje oan de foarsitter fan it sintraal stimburo en, foarsafier nedich, in nije lêsthawwer oanwize.

As de kandidaat foar ferskillende provinsjes in aparte ynstimmingsferklearring ôfjout, moat yn elke ferklearring deselde lêsthawwer oanwiisd wurde.

In memmelist [Vervallen per 01-04-2011]

It brûken fan in memmelist troch de politike groepearring hâldt yn dat de politike groepearring in folchoarder fan kandidaten foar in ferkiezing fêststeld hat, om’t de politike groepearring foar twa of mear kiesrûnten ferskillende listen ynlevere hat. Boppedat is de memmelist uterlik fjirtjin dagen nei de kandidaatstelling oan it sintraal stimburo meidield.

Om dêrnei de beneamingshannelings maklik ferrjochtsje te litten, kinne kandidaten in sintrale persoan machtigje. Dy persoan meldt dan, út namme fan dejingen dy’t neffens de memmelist noch net oan bar binne, oan it sintraal stimburo dat hja harren beneaming net oanfurdigje, of net foar beneaming yn oanmerking komme wolle.

Model H 12. Bewiis fan betelling fan in boarchsom foar de kandidaatstelling [Vervallen per 01-04-2011]

Underskreaune ferklearret dat op ............................................. as boarchsom foar de kandidaatstelling ynbard is fan ............................................. (namme), wenjend ............................................. (wenplak14) foar de ferkiezing fan de leden fan15

  • de Twadde Keamer fan de Steaten-Generaal in bedrach fan € 11.250,–.

  • Provinsjale Steaten fan ............................................. in bedrach fan € 1.125,–.

  • de rie fan de gemeente ............................................. / de eilânsrie fan it iepenbier lichem ............................................. in bedrach fan € 225,– of USD 225.16

  • it Europeesk Parlemint in bedrach fan € 11.250,–.

Plak: .............................................

Datum: .............................................

.............................................,

(namme en funksje fan, en ûndertekening troch, dejinge dy’t mei it ynbarren fan de boarchsom belêstige is)

  • ^ [1]

    Allinnich yn te foljen as it om in ferkiezing giet fan de leden fan de Twadde Keamer of fan Provinsjale Steaten fan in provinsje dy’t út mear as ien kiesrûnte bestiet. Efter ‘kiesrûnte’ it nûmer fan de kiesrûnte en tusken heakjes de namme fan de gemeente dêr’t it haadstimburo fêstige is oanjaan. As foar de ferkiezings fan de leden fan de Twadde Keamer gebrûk makke wurdt fan de mooglikheid fan sintrale kandidaatstelling (sjoch taljochting punt 12), dan moat nei de namme fan de gemeente ek ‘sintrale kandidaatstelling’ ynfolle wurde.

  • ^ [2]

    Krús oan wat fan tapassing is. Sjoch de taljochting by de punten 4 o/m 10.

  • ^ [3]

    De kandidaten moatte op deselde wize en yn deselde folchoarder oanjûn wurde as op de yn te leverjen list.

  • ^ [4]

    De lêsthawwers fan de oanbelangjende groepearrings kinne mei-inoar ien formulier ynfolje, mar kinne dat ek ôfsûnderlik faninoar dwaan.

  • ^ [5]

    De kandidaten moatte op deselde wize en yn deselde folchoarder oanjûn wurde as op de yn te leverjen list.

  • ^ [6]

    It oanjaan fan jo wenplak is ferplichte. It oanjaan fan jo adres en postkoade is net ferplichte.

  • ^ [7]

    Allinnich yn te foljen as it om in ferkiezing giet fan de leden fan de Twadde Keamer of fan Provinsjale Steaten fan in provinsje dy’t út mear as ien kiesrûnte bestiet. Efter ‘kiesrûnte’ it nûmer fan de kiesrûnte en tusken heakjes de namme fan de gemeente dêr’t it haadstimburo fêstige is oanjaan.

  • ^ [8]

    De kandidaten moatte op deselde wize en yn deselde folchoarder oanjûn wurde as op de yn te leverjen list.

  • ^ [9]

    It oanjaan fan jo wenplak is ferplichte. It oanjaan fan jo adres en postkoade is net ferplichte.

  • ^ [10]

    Allinnich yn te foljen as it om in ferkiezing giet fan de leden fan de Twadde Keamer of fan Provinciale Steaten fan in provinsje dy’t út mear as ien kiesrûnte bestiet. Efter ‘kiesrûnte’ it nûmer fan de kiesrûnte en tusken heakjes de namme fan de gemeente dêr’t it haadstimburo fêstige is oanjaan.

  • ^ [11]

    De kandidaten moatte op deselde wize en yn deselde folchoarder oanjûn wurde as op de yn te leverjen list.

  • ^ [12]

    Yn alle oare gefallen kin de kandidaat gjin lêsthawwer oanwize. Lês de taljochting foar it gefal dat jo in lêsthawwer oanwize moatte / meie.

  • ^ [13]

    Tink derom: it is net ferplichte om it wenadres oan te jaan! Jo kinne ek in oar korrespondinsje-adres – dat gjin postbusnûmer wêze mei – oanjaan, bygelyks dat fan it partijkantoar.

  • ^ [14]

    It oanjaan fan jo wenplak is ferplichte. It oanjaan fan jo adres en postkoade is net ferplichte.

  • ^ [15]

    Krús oan wat fan tapassing is.

  • ^ [16]

    It bedrach wurdt yn dollars betelle by it ynleverjen fan in kandidatelist yn ien fan de iepenbiere lichems.